Myn namme is Doede Veeman en ik bin hikke en tein op de pleats “Unia State” op Franjumbuorren ûnder Marsum. As jonkje ha’k in skoftsje akkordeonles hân, mar dat like net safolle op te smiten. Ik seurde dan ek wakker om in gitaar, want dat like my folle moaier ta. Doe’t ik fjirtjin jier waard krige ik myn earste gitaar en sûnt dy tiid haw ik altyd mei it gitaarspyljen ompield.

Yn 1960 gie ik nei Grins ta te studearjen en kaam telâne yn in dûnsband en yn ferskate studinte-kabaret-groepkes. Fral dat lêste spruts my bot oan, ik hie dan ek tige niget oan it skriuwen fan lietsjes, dus sawol de tekst as de muzyk en benammen de kombinaasje dêrfan. De muzyk moast dêrby de tekst drage, en troch melodyske en ritmyske aksinten fuortsterkje en ik leau dat dat by de lieten dy’t ik letter skreaun ha ek altyd sa bleaun is.
Yn 1967 die ik tegearre mei Oene Spoelstra mei oan in kabaretkriich, útskreaun troch de foargonger fan Omrop Fryslân: de RONO. Wy wûnen de priis en krigen 20 minuten stjoertiid foar de radio. Dat hat foar my nei alle gedachten it begjin west fan it optreden mei ferskes foar publyk.

Ik wie ûndertusken yn kontakt kaam mei allerhande foarmen fan muzyk en krige in bulte belangstelling foar muzykynstruminten, dy’t yn dy tiid op rommelmerken en yn winkeltsjes foar in pear sinten te keap wiene.
Ik pakte it akkordeonspyljen wer op en learde ek wat te spyljen op tinwhistles, dwersfluit, klarinet, piano, banjo, balalaika, lillepipen, ensfh.
Yn de santiger jierren wenne ik yn Eastermar en spile in bult mei Jappie van der Leest op festivals en oare optredens en sa waard yn 1978 de LP “Frustraasjebloes” opnaam, in skoft letter, yn 1987 folge troch de LP “Húske”.

De LP hie as lûdsdrager syn langste tiid hân en yn 1992 kamen der in tal nûmers fan my út op de sammel-CD’s fan Aaipop en fan Tsjoch. Aaipop wie en is it jierlikse festival fan fryske popmuzyk yn Nijlân en Tsjoch is de feriening fan fryske folksmuzikanten dy’t ik ek mei oprjochte haw en dy’t sûnt 1980 jierliks in festival organisearret mei fryske folksmuzyk.


Yn 1995 hiene wy hoop op in strange winter en soe ik mei Piter Wilkens, Henk Louwen en Simon Dijkstra in alvestêdeliet opnimme. Mar wy wiene sa enthûsiast dat wy as Rayonhaden in hiele CD mei 15 lieten produsearren: ”Skodzje foar it brûken”. De winter bleau lykwol sacht.

In jier letter binne de twa LP’s “Frustraasjebloes” en “Húske” ek op CD útbrocht.Omdat ik altyd noch in bulte aardichheid oan kabaret hie, ha ik yn Eastermar ferskate doarpskabaretprogramma’s mei opset en útfierd, en doe’t ik yn 1985 nei Sumarreheide ferfear koe ik it net litte en sette by de twajierlikse feesten fan de buertferiening ek wer in “Heiderevu” mei op poaten, de earste yn 1992, yn 2008 wie dat dus alwer foar de njoggende kear.

Mei de kabaretploech fan Ratatette haw ik twa programma’s meidien, fan 1994 oant 1997, earst “De Skeane Ein & co” en letter “In heale maraton op platfuotten”, ik die dan fral de muzikale begelieding, mar skreau ek lietsjes.

Gonnie, myn frou, wurket yn it basisûnderwiis, en foar de feestlike âlderjûnen holp ik ek wol gauris mei mei it skriuwen en begelieden fan lietsjes foar de skoalbern, earst yn Eastermar, letter foar “De Oerstek” yn Noardburgum en “It Kruirêd” yn De Mûnein.

Mei Piter Wilkens tegearre haw ik in tsiental lietskriuwkursussen jûn foar it FLMD, letter Tresoar, en it wie hiel aardich en ynspirearjend om mei te meitsjen hoe’t oaren mei it skriuwen fan teksten en lieten dwaande wiene.
In bulte kursisten binne noch altyd súksesfol as lietsjesjongers en lietsjeskriuwers aktyf.

Mei Piter Wilkens, Gurbe Douwstra en Jaap Louwes ha ik meidien mei in tal programma’s fan “Trûbadoersjûnen” dêr’t yn 2004 ek in CD “Der tuskenút” fan ferskynd is. De aardichheid dêrfan is dat wy meiïnoar lieten skriuwe en meiïnoar elkoars lieten spylje. Dit befoel sa goed dat wy dêr oant ein 2009 noch mei trochgean. Yn septimber 2007 der in nije CD fan út: "De âlde púndyk bydel", dy't life opnommen is yn Arum.

Mei Herman Peenstra, Carel van Leeuwen en Marcel Prins fan de groep “RemoliNo” ha ik in program makke: “WrâldfrysK”, dat in kombinaasje is fan fryske lieten en ynstrumentale wrâldmuzyk. Dit program is 19 maaie 2006 yn premiêre gien en slacht net allinne yn Fryslân, mar ek dêrbûten tige oan.

It spyljen mei dizze trije top-muzikanten is in feest en omdat it eins ek heechtiid wie dat ik wer ris in nije CD mei eigen lieten opnimme soe, haw ik mei de muzikanten fan RemoliNo in CD mei 17 lieten opnaam dy't op 13 septimber 2009 ûnder de namme "It is in spul" op Stania State yn Oentsjerk presentearre is!

Fansels kinne jo dizze CD bestelle middels myn webstek:

klik op it knopke 'skyfkes', dan op 'bestel' en ful namme en adres yn, dan stjoer ik 'm jo ta!